Deel deze blog

Yn ‘e bloei

Yn ‘e bloei

t wie ôfrûne moandei ‘Blue Monday’. In term dy’t út Amearika oerwaaid is en, sa’t de ferhalen gean, in tûke marketingtruc wie om minsken in reis boeke te litten op de meast deprimearjende dei fan it jier. Ik hie neat mei dizze term, mar ik moat sizze dat Blue Monday foar my yn dit koroanajier wol mear lading krigen hat. En dan net foar mysels: ik mei my lokkich priizgje mei dizze moaie baan as deputearre fan en foar Fryslân. Wurk dat gewoan trochgiet. Mar der binne genôch minsken dy’t harren wurk troch dizze krisis tydlik of hielendal njonken harren del lizze moatte. Of harren famylje net sjen kinne of misse moatte. Yn dizze koroanatiid is Blue Monday aktuëler as ea.

It is dan ek wichtich dat we by sûp en sturt bliuwe. Fisyk én mei de geast. Dêrom waard ôfrûne moandei omdoopt ta ‘Bloei Monday’. In inisjatyf fan Bloeizone Fryslân út, basearre op de wrâldwide Blue Zone gedachte. Wêrby’t safolle as mooglik lokale mienskippen wurkje oan de optimale mjuks tusken ûnder oare aktyf ûntspanne, sûn iten, grien om ús hinne en goed wenjen. De provinsje presintearre ôfrûne jier in ûntwikkelplan, makke troch Healty Aging Network Noord Nederland, om op in grut tal plakken yn de provinsje hjirmei yn ‘e slach te gean. Foar mear tips hjiroer en om yn de kunde te kommen mei mear minsken dy’t dit in nijsgjirrige libbenswize fine, dan binne jo hjir op it goede plak. Lit jo ynspirearje, sadat jo takom jier yn ‘e bloei steane op Blue Monday.

Deputearre Douwe Hoogland

Deel deze blog